Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wâldrock 2000

Wâldrock 2000

01 July 2000

It Wâldrockfestival yn Burgum luts sa'n 8.000 minsken. Wâldrock hoecht wat de organisaasje oanbelanget ek net in massaal festival te wurden. Dêrmei hopet de organisaasje ûngelokken sa as op it Roskildefestival yn Denemarken ek foar te kommen. Lykas alle jierren mei ek dit jier in Fryske band it festival iepenje. Dit jier is dat de groep Artvist út Drachten. In groep dy't rap-metal mei wat hard-core der troch hinne spilet. Bot ferneamd binne se noch net, mar it sjocht der goed foar harren út.

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

05 Maaie 1994

In kompilaasje fan de Befrijdingsfestivals yn Ljouwert yn 1994, 1995, 1996, 1997 en 1998; mei artysten as 2Unlimited, Marco Borsato, Trijntje Oosterhuis, en De Kast dy't op de Dam yn Amsterdam optreedt.

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

15 Novimber 2005

Noch net earder hat de dea fan ien mosk foar safolle opskuor soarge as dy fan de dominomosk. It fûgeltsje wie it ôfrûne wykein de hal fan it FEC ynflein dêr't drok wurke waard oan Domino Day. It bist smiet goed tweintichtûzen stientsjes om. Om mear skea foar te kommen is de mosk mei in luchtbuks deasketten. Dat hat oant oer de Nederlânske grinzen foar lilke reaksjes soarge.