BOPPESLACH-FRAGMINT_2023-06-08

Boppeslach: Hurdegaryp - Heerenveense Boys

22 Maaie 2000

In ferslach fan de earste fan de twa beslissingswedstriden tusken Hurdegaryp en Hearrenfeanske Boys op 20 maaie 2000, einstân 3-1.

BOPPESLACH280507_WR

Boppeslach: Wolvegea - Ljouwert 2007

28 Maaie 2007

Yn maaie 2007 troffen de fuotbalteams fan Wolvegea en Ljouwert inoar op it sportpark fan GAVC yn Grou, foar de beslissingswedstryd dy't útmeitsje moast hokker ploech it folgjende seizoen promovearre nei de earste klasse snein.

060904_CH_BOPPESLACH_WR2

Boppeslach: 25 jier Concours Hippique Droegeham

06 Septimber 2004

Yn 2004 fierde it Concours Hippique Droegeham it 25-jierrich jubileum en der waard grut utpakt. Grutte publykslûkers wiene de goudenmedaljewinners fan de Olympyske Spelen yn Athene, Leontien van Moorsel en Anky van Grunsven.

CAMBUUR_010698_WR

Cambuur promovearret hast op 30 maaie 1998

01 Juny 1998

Op 30 maaie 1998 wie de earedifyzje wer yn sicht foar Cambuur. De blommen en sjampanje stiene al klear, mar der moast earst noch wol wûn wurde fan FC Den Bosch. En dat slagge net. Yn it eigen stadion waard it 2-2. Yn it programma Boppeslach in ferslach fan de wedstryd tsjin Den Bosch.

BOPPESLACH_LAUWERS_OOSTERGO_020598_WR2

Boppeslach: Lauwers - Oostergo 1998

02 Maaie 1998

De lêste kompetysjewedstryd yn de tredde klasse amateurfuotbal wie yn 1998 in echte kreaker. De hiele kompetysje gie it al tusken de nûmer 1 en de nûmer 2: De Lauwers en Oostergo. Op 2 maaie 1998 moast útmakke wurde wa't rjochtstreeks promovearje soe nei de twadde klasse.

BS_010299_WR

Boppeslach: Hurdegaryp - Warkum 1999

30 Jannewaris 1999

Op 30 jannewaris 1999 waard de fuotbalwedstryd Hurdegaryp - Warkum spile; in topper yn de twadde klasse. Hurdegaryp wie de grutste koprinner, mar Warkum makke de kâns om de topposysje oer te nimmen net wier: it waard 6-1.

Boppeslach: Wykels Hallum - Feanwâlden

Boppeslach: Wykels Hallum - Feanwâlden

19 Novimber 2001

Wykels Hallum giet as it spoar yn de tredde klasse B. De ploech stiet fier boppeoan mei 20 punten út 8 wedstriden. 35 doelpunten waarden makke yn de earste wedstriden. Ien man naam mear as de helte fan dy doelpunten foar syn rekken. Is hy dan ek it geheim fan Wykels Hallum?

Boppeslach: De Harkema - Forward

Boppeslach: De Harkema - Forward

05 Juny 2000

Yn Easterwâlde waard de beslissingswedstryd spile tusken Harkema Opeinde en Forward. Ynset is in plak yn de twadde klasse. As De Harkema ferliest, dan degradearje se nei de tredde klasse.

Boppeslach: De Westereen - De Harkema

Boppeslach: De Westereen - De Harkema

28 Maaie 2018

De Westereen mocht oantrede tsjin De Harkema. In derby fan it suverste wetter, dêr't altyd in protte folk op ôf komt. Op de ranglist stiet De Westereen fjouwer punten foar op De Harkema, foar dy lêste dus saak om oansluting te krijen. De Westereen spilet yn it readgriene tenue, dat fan De Harkema is griengiel.

Boppeslach: Hurdegaryp - BCV

Boppeslach: Hurdegaryp - BCV

25 Maaie 1998

Hurdegaryp en BCV út Burgum spile mei Eems Boys in heale kompetysje, om út te meitsjen wa't der promovearret nei de earste klasse.

Boppeslach: Waterpoort Boys - Potetos

Boppeslach: Waterpoort Boys - Potetos

02 Juny 1997

Waterpoort Boys stride om in plakje yn de twadde klasse sneonsfuotbal. Se moasten it opnimme tsjin it Grinslanner Potetos.

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

22 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by it Frysk kampioenskip golf yn Sint-Nyk. Om't er de spilers by de wedstriid net steure mei, rydt Arjen yn in golfkarke oer de 'green' en praat er dochs mei in pear golfspilers en in skiedsrjochter, ûnder oare oer it 'putten'.

Pages