Geert! S02: Kompilaasje

Geert! S02: Kompilaasje

11 Maaie 2004

Yn dizze ôflevering sjocht Geert van Tuinen werom op de meast nijsgjirrige petearen dy't er hie op tal fan plakken dêr't er mei it programma delkaam. Yn De Tynje wie dat mei Jan Overwijk, yn Arum mei seis amazônes, yn Seisbierrum mei Auke Swart, yn Aldeberkeap mei Gerrit Hof, yn Koudum mei Sake de Boer, yn Top& Twel moast er greauwen priuwe, yn Wâlterswâld prate Geert mei Jaap Bouma en as lêste in petear mei Rients Bijlsma yn Raerd.

Geert! S02E7: Wâlterswâld en Driezum

Geert! S02E7: Wâlterswâld en Driezum

27 April 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs yn Wâlterswâld. Hy praat mei Thomas Vrieswijk oer it hynstespektakel dat syn 15de edysje belibje sil. Histoarikus Jouke Dantuma fertelt oer it oarlochsmonumint foar slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. Ek praat Geert mei Jaap Bouma oer de doarpskrante en mei Wieger Jacobs oer it 100-jierrige muzykkorps en hy makke in reportaazje by de famylje Sinia, twa susters, in broer en mem wenje mei elkoar op de pleats dêr't de tiid stilstien hat. De live-muzyk komt fan Griet Wiersma.

Geert! S02E6: Top & Twel

Geert! S02E6: Top & Twel

20 April 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Toppenhuzen. Dêr moat er greauwen (kaantjes) priuwe. Wietske Wijnstra en Gerry Kuindersma fertelle oer dit gerjocht dat eins klearebare fet is. Geert praat ek mei sitfollybalster Alette Adema dy't nei de Paralympics sil en mei Martin Atsma en Doede Hofman, sy hearre by de klokopwiners. Fierder is der in reportaazje te sjen wêryn't Geert in besite bringt oan it orakel fan Toppenhuzen: Rintsje Lolkema. Op it plak dêr't earder de pleats stie, wennet er yn in steancaravan tusken in soad ôffal. De live-muzyk komt fan de band Related Stuff.

Geert! S02E5: Koudum

Geert! S02E5: Koudum

13 April 2004

Geert van Tuinen is yn mienskipssintrum De Klink yn Koudum. Hy praat mei twa boeren, Sikke Venema en Anton Stokman, dy't elk op eigen wize buorkje. Ek praat er mei graffitykeunstner Klaas Lageweg, mûnebouwer Sake de Boer en beantsjekweker Piet Hobma. En der is in reportaazje te sjen fan ielfisker Eeltsje Bajema. De live-muzyk komt fan de band Cajun Beano.

Geert! S02E4: Aldeberkeap

Geert! S02E4: Aldeberkeap

06 April 2004

Geert van Tuinen is yn Het Wapen van Ooststellingwerf yn Aldeberkeap en praat mei Jan van der Meer. Yn syn supermerk wurkje ferstanlik beheinden fan Talant. Ek praat er mei Gerrit Staal dy't bier brout, sjocht er by Klaas Menger op dy syn '1000' bisten buorkerij mei skiep, hamsters en in hynder. En Geert praat mei Gerrit Hof fan De Geitefok, de feriening dy't bekend is troch de âldjiersstunts. De live-muzyk komt fan de Koepelbos Blaosers.

Geert! S02E03: Seisbierrum

Geert! S02E03: Seisbierrum

30 Maart 2004

Geert van Tuinen is yn hotel-kafee-restaurant De Harmonie yn Seisbierrum en praat mei Auke Swart dy't in âld pachtkontrakt fan syn pleats hat, mei heks Lia van den Bulk en mei Jelte de Vries oer de spilersbus fan fuotbalklup AVC. Geert test ek noch hoe gastfrij oft de ynwenners fan it doarp binne. De live-muzyk komt fan de band Weever en kok Annemiek Zijlstra siedt sprútsjessop.

Geert! S02E02: Arum

Geert! S02E02: Arum

23 Maart 2004

Geert van Tuinen bringt in besite oan de boppeseal fan herberch De Gekroonde Leeuw fan Arum. Hy praat mei Theo Dasbach oer syn rock 'n rollmuseum, modelfleantúchbouwer Henk Buma en mei Johannes van IJs oer jacht yn natuerbehear. Ek sjocht Geert yn de Amerikaanske truck fan Sieb Annema en praat er mei sân amazônes yn kostúm. De live-muzyk komt fan Lieuwe Tolsma en Johannes Boonstra.

Geert! S02E01: De Tynje

Geert! S02E01: De Tynje

16 Maart 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan De Tynje. Hy praat mei Jan Overwijk, de 'boargemaster' fan it doarp, mei Elisabeth Tangel, se skilderet ikoanen. Fierder in petear mei twa nasjonaal kampioenen combinerace Reinder van der Meer en Nynke Vries en Cor de Jong dy't al jierren it karnaval organisearret. En Geert bringt in besite oan it Opelmuseum dêr't er praat mei sammeler Meindert van Wijk. De live-muzyk komt fan de Fryske band Opskuor.

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

13 Maaie 2003

Geert van Tuinen wurdt 'oanklage' foar allerhanne saken dy't er yllegaal dien hat yn it earste seizoen fan it programma Geert! wêrby't er by tal fan Fryske doarpshuzen delgiet en mei tal fan nijsgjirrige gasten praat. Hy soe bygelyks flein ha sûnder brevet. Yn dizze kompilaasje komme de aardichste mominten nochris foarby en sjogge we achter de skermen en fansels binne der ek bloopers te sjen.

Geert! S01E08: Ingelum

Geert! S01E08: Ingelum

06 Maaie 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Ingelum. Hy praat mei Siep Bruining, dy't mei F-16's wurke hat, mei bierbrouwer Henk Bruining en mei Jan Bruining dy't in trekkermuseum hat. De live-muzyk komt fan de band Lays.

Geert! S01E07: Hantum

Geert! S01E07: Hantum

29 April 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Hantum. Hy praat mei Pieter Banga fan DTL, de kuorbalklup De Tinnen Leppel, mei de twa bruorren Hendrik en Douwe van der Heide dy't as it duo Klún en Knoffelhakke revu bringe. Geert praat ek mei Jelle Auke Vrieswijk, kroechbaas en postboade en hy sjocht by de brommerklup, de leden binne gek op âlde brommers. Fierder lost Geert in skeel op tusken twa shantykoaren mei deselde namme, de Skûmkoppen. De live-muzyk komt fan dat shantykoar.

Geert! S01E06: Parregea/Hieslum

Geert! S01E06: Parregea/Hieslum

22 April 2003

Geert vanTuinen is yn it doarpshûs fan Parregea. Hy praat mei Michel Burgers, dy't gewrichtsprotezes ymportearret en eksportearret en mei Gatze Labordus dy't alles fan roazen wit en der alles fan sammelet. Geert bringt ek in besite oan ielrikker Joop Ruardi en hy praat mei de hiele jonge diriginte Willy Krol. De live-muzyk komt fan de Frysktalige band Bombarje.

Pages