LTV: Aaisykje + neisoarch

LTV: Aaisykje + neisoarch

13 April 1997

Yn de dokumintêre ‘Aaisykjen en neisoarch’ gean jo it fjild yn mei in aaisikersklub, dêrneist fertelt boer Theun Talsma hoe't er buorket mei greidefûgels op Skiermûntseag en dr. Henny van der Windt sjocht nei de situaasje fan neisoarch bûten Fryslân.

Breedbyld: Diskusje ljipaaisykje

Breedbyld: Diskusje ljipaaisykje

28 Maart 2000

Hoe moat it mei de ljip en syn aaien? Al jierren besteane der diskusjes oer it sykjen fan ljipaaien. Is it sykjen no posityf of negatyf foar de ljip? Dizze útstjoering fan Breedbyld mei in diskusje tusken de manlju: Sake Roodbergen, Jaap van Zorge, Hepke Bijma en Sicko Heldoorn moat mear ynsicht jaan yn de takomst fan it ljipaaisykjen.

Brekking: mei in aaisiker op paad

Brekking: mei in aaisiker op paad

25 Maart 2003

Aaisiker Hyltsje Brink siket aaien ûnder suver subtropyske omstannichheden. It liket miskien moai waar om ljipaaien te sykjen, mar de echte kenners witte dat troch de droechte de ljippen minder aaien lizze.

 40 jier Fûgelwacht

40 jier Fûgelwacht

08 Maart 1988

Leny Dijkstra fertelt yn dizze útstjoering fan skoaltelevyzje oer de fûgelwacht en wat sy dogge. De fûgelwacht hat ferskate wurksumheden en wurkje ek tegearre mei boeren. Nêstkastkes ophingje, ljipaaien beskermje en de bosken yn, it heart der allegearre by. Mar foaral it dwaande wêzen mei natuer heart echt by in fûgelleafhawwer.