It Wetter Op 16: Lauwersmar (2)

It Wetter Op 16: Lauwersmar (2)

02 Septimber 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma binne noch op de Lauwersmar. Mei Jeroen Bouma besjocht Simone de natuer op ien fan de eilantsjes yn de mar. Ek praat se mei leafhawwer Henk Schaafsma dy't net folle ha moat fan de nije toeristyske ûntwikkelingen. En se moetet D. van der Schoot. Dizze 78-jierrige man fart 4 moannen yn it jier op syn tsjalk en lit dan syn frou thús. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 15: Lauwersmar

It Wetter Op 15: Lauwersmar

01 Septimber 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei de Grinzer famylje Bouma op de Lauwersmar. Se komme der al 30 jier, it is in lestich mar fanwege de grutte djipteferskillen. Mei H. Nauta praat Simone oer de skiednis fan de mar dy't ûntstien is nei de ôfsluting fan de eardere Lauwerssee. Hy fertelt ek oer de slûzen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 14: Dokkumer Nije Silen

It Wetter Op 14: Dokkumer Nije Silen

31 Augustus 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei de trekskûte nei Dokkumer Nije Silen oer de Strobosser Feart. Underweis fertelt gids Max Posthuma oer de slûs fan Dokkumer Nije Silen. Dêr praat Simone mei wat toeristen, in fisker en mei de patatboer dy't dêr al 19 jier mei syn wein stiet. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 13: Dokkum

It Wetter Op 13: Dokkum

30 Augustus 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei in trekskûte dy't tsjinst docht as rûnfeartboat troch Dokkum. Skipper Germ Keizer fertelt oer de skiednis fan it skip en gids Max Posthuma fertelt de gasten oan board oer de skiednis fan Dokkum. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 12: De Leyen

It Wetter Op 12: De Leyen

26 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede farre op de Leyen by Eastermar mei de motorboat fan K. Land. Underweis fertelt er oer wat se tsjinkomme yn de natuer. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 11: Doede Veeman

It Wetter Op 11: Doede Veeman

25 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar yn in boatsje mei sjonger Doede Veeman. Hy hat jierren lyn in protestliet makke tsjin de komst fan de elektrisiteitssintrale oan de mar. Dy is nettsjinsteande fûle protesten yn 1974 yn gebrûk nommen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 10: Burgumermar (2)

It Wetter Op 10: Burgumermar (2)

24 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar. Se farre mei Jikke en Sjirk Wittermans mei. Jikke is berne by de mar en swom der as bern al. Sjirk hat syn libben lang al fearn. Afke fertelt oer Hendrik Bulthuis de kapper fan Burgum dy't mei syn ûntwerp fan de 16 Kwadraat in boat betocht foar de gewoane man, de BM-er, neamd nei de Burgumermar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 9: Burgumermar

It Wetter Op 9: Burgumermar

23 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar by Klein Zwitserland. Se prate mei R. van der Ploeg dy't der alle wykeinen mei de boat komt sadat de bernsbern dêr boartsje kinne. Ek prate se mei in fisker en mei Fokko Eybergen dy't in speedboat hat. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 8: Sleat

It Wetter Op 8: Sleat

29 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal farre op de Sleattemermar yn de sloep fan Piet Hoogeveen. Yn Sleat prate se mei brêgewipper Hendrik Spoelstra, fakânsjegonger Aleida Samplonius dy't in sleepboat hat, in Dútske toerist en famkes dy't mei scouting troch Fryslân farre. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 7: Heech en Wâldsein

It Wetter Op 7: Heech en Wâldsein

28 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal binne mei Wieger en Ciska yn Heech dêr't se les krije yn in Valk. Dêrnei farre se yn in sloep nei Wâldsein dêr't se in Ingelske toerist treffe. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 6: Starteilân

It Wetter Op 6: Starteilân

27 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal binne op it Starteilân by Snits. Se prate mei ferskate fakânsjegongers lykas in groep studinten út Amsterdam en skoalbern op sylkamp. Jannie en Douwe Veenstra fan Snits komme alle wykeinen nei it Starteilân om te genietsjen fan it wetter en de boatsjes. Mei jachtmakelder Albert Gerritsma sjocht Gerrit noch op in lúks jacht. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

It Wetter Op 5: Snitsermar

It Wetter Op 5: Snitsermar

26 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal farre op de Snitsermar op in jacht fan in heal miljoen en prate mei jachtmakelder Albert Gerritsma. Ek prate se mei Ries de Bruin, skipper fan in skûtsje út Heech. Op it Starteilân moetsje se fakânsjegongers en minsken dy't op har personielsreiske foar it earst sile. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Pages