DOMYN_DOUSTRA

Myn Domyn: Leauwige Eva Doustra

19 Oktober 2005

Portret fan Eva Doustra. Se is 22 jier, wennet yn Ljouwert, studearret kommunikaasje en leaut yn God. We sjogge by har tsjerke, de frijmakke grifformearde tsjerke, en by har koar en har bybaan as model yn in breidsmoadeshow. Se fertelt oer wat it leauwe foar har betsjut. We sjogge dat se yn ûndertrou giet mei har freon dy't der earst wol muoite mei hie dat seks pas nei it houlik mei neffens it leauwe.

DOMYN_BASHIR

Myn Domyn: SP-er Farshad Bashir

29 Septimber 2005

Portret fan Farshad Bashir, de 17-jierrige wennet yn Ljouwert, mar is as flechtling út Afganistan kaam. Hy is aktyf lid fan de SP. Hy sit foar de partij yn it linkse platfoarm "Keer het Tij", en striidt tsjin it belied fan it regear. Hy is ek bestjoerslid fan it kearnbestjoer SP Ljouwert en makket diel út fan de "Groep van Dertig" ,tritich jongeren dy't moanliks les krije fan Jan Marijnissen, fraksjefoarsitter fan de SP. It doel is om se klear te stomen foar in politike karriêre op it heechste nivo.

MYNDOMYN_051005_BRUINSMA

Myn Domyn: Teätermakker Durk Bruinsma

05 Oktober 2005

Durk Bruinsma wennet yn Kollumersweach en is 19 jier. Syn grutte dream is om in ferneamd top-teäterprodusint te wurden. Hy is al goed seis jier dwaande mei it meitsjen fan in musical yn de Feankleaster bosk. It ferhaal fan dizze Verborgen Legende hat er sels skreaun. Yn de simmer fan 2006 giet it yn premjêre. De regy-oplieding yn Amsterdam dy't er dwaan wol, is foar minsken âlder as 21 jier. Dêrom is er no earst oan 'e slach gien yn de hoareka. Dêrnjonken set er al syn tiid yn syn passy teäter. De realisaasje fan syn dream giet somtiden dreech en is ôfhinklik fan allerhanne minsken.

DOMYN_FAATS

Myn Domyn: Pencak Silatsporters Gwen en Gianna Faats

12 Oktober 2005

Portret fan de twilling Gwen en Gianna Faats. Se binne 16 jier en wenje yn Stiens. Alles giet oan 'e kant foar har fjochtsport Pencak Silat. Se hawwe al meardere kearen Nederlânsk kampioen west yn de gewichtsklasse 60 en 65 kilogram. Har trainer is George Frederiksz, dy't de iennige sportskoalle foar Pencak Silat yn Fryslân hat. De heit komt ek te praat oer it fanatisme fan syn dochters. En fansels de twilling sels. We sjogge by de prizekast thús, op de training en by wedstriden.

MYNDOMYN_261005_VISSER

Myn Domyn: Motorracer Arnout Visser

26 Oktober 2005

Portret fan de 24-jierrige motorracer Arnout Visser út Dronryp. De snelheid en de technyk fynt er moai oan it racen, hy is der altyd mei dwaande en stekt al syn jild en tiid deryn. We sjogge by him op it wurk by in automatisearringsbedriuw yn Boalsert, by de motor yn de garaazje, by in race op it sirkwy yn Assen en by syn metalband Mortuary I.O.D. dêr't er fanwege it racen mei ophâlde moast. Ek syn famylje is gek fan racen wurden.

MYNDOMYN_170905_BOLT

Myn Domyn: CF-pasjinte Hetty Bolt

19 Septimber 2005

Portret fan de 27 jierrige Hetty Bolt fan Burgum. Sy hat de sykte Cystic Fibrosis, ek wol bekend as de taaislymsykte. Dêrtroch wurdt se nei alle gedachten net âlder as 40 jier. Alles nimt mear enerzjy, want se krijt minder lucht. We sjogge har oan it trainen by de fysio, oan it wurk by de Rabobank en by de trijemoanlikse kontrôle yn it sikehûs yn Grins. Se hat de sykte akseptearre en wol der it bêste fan meitsje. Har grutste dream, in reis nei New York, hat se al wiermakke.

MYNDOMYN_210905_HEREMAN

Myn Domyn: Kitesurfer Randy Hereman

21 Septimber 2005

In portret fan Randy Hereman. Hy is 18 jier, komt fan Snits en kitesurft noch mar 2 jier, mar sporte hat er altyd al dien. No al heart er by de nasjonale kitesurftop.Fan 't simmer waard er 25ste op it WK yn de Dominikaanske Republyk. Sûnt in pear moannen is Randy profesjoneel kiter. Mei syn heit en mem wennet er op in boat. We sjogge him yn aksje op it wetter, mar soms is it ek wachtsjen op de wyn. En hy fertelt oer syn plannen, hy wol op wrâldtoer.