Myn Domyn: SP-er Farshad Bashir
Portret fan Farshad Bashir, de 17-jierrige wennet yn Ljouwert, mar is as flechtling út Afganistan kaam. Hy is aktyf lid fan de SP. Hy sit foar de partij yn it linkse platfoarm "Keer het Tij", en striidt tsjin it belied fan it regear. Hy is ek bestjoerslid fan it kearnbestjoer SP Ljouwert en makket diel út fan de "Groep van Dertig" ,tritich jongeren dy't moanliks les krije fan Jan Marijnissen, fraksjefoarsitter fan de SP. It doel is om se klear te stomen foar in politike karriêre op it heechste nivo. We sjogge by Farshad Bashir oan it folderjen op strjitte, by him thús, yn Den Haag en by in gearkomste.