Myn Domyn: Teätermakker Durk Bruinsma
Durk Bruinsma wennet yn Kollumersweach en is 19 jier. Syn grutte dream is om in ferneamd top-teäterprodusint te wurden. Hy is al goed seis jier dwaande mei it meitsjen fan in musical yn de Feankleaster bosk. It ferhaal fan dizze Verborgen Legende hat er sels skreaun. Yn de simmer fan 2006 giet it yn premjêre. De regy-oplieding yn Amsterdam dy't er dwaan wol, is foar minsken âlder as 21 jier. Dêrom is er no earst oan 'e slach gien yn de hoareka. Dêrnjonken set er al syn tiid yn syn passy teäter. De realisaasje fan syn dream giet somtiden dreech en is ôfhinklik fan allerhanne minsken. Dochs ferfeelt er him gjin momint, want hy is ek noch dwaande mei in teäterstik, neamd Stone Mansion, dêr't er de skriuwer en regisseur fan is. We sjogge by him thús, by repetysjes, op lokaasje en as er oan it wurk is.