It Harnzer arsjitekteburo Alynia is spesjaliearre yn it bouwen fan fuotbalstadions, se bouden it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean en it Gelredome yn Arnhem. Dat lêste stadion hat in dak dat iepen en ticht kin en de gersmatte kin derút rôle wurde. It buro wurket ek oer de grins, we folgje se by de renovaasje fan in stadion yn Düsseldorf en in projekt yn Nancy.
We sjogge op de Ljouwerter feemerk. Freeds wurde dêr hûnderten kij ferhannele. We sjogge by in feehâlder dy't syn kij nei de merk bringe lit, sjogge op de merk by it keuren en hantsjebakken. Tal fan feekeaplju komme oan it wurd en ek de neisit mei kofje en in slokje is belangryk.
De fotografen Petra en Erik Hesmerg fan Snits wurkje en libje tegearre. Se fotografearje benammen keunstobjekten en -bylden. We sjogge se oan it wurk yn it Museum Beelden aan Zee (Scheveningen) dêr't se wurk fan Karel Appel fotografearje. Se fertelle oer har wurk dat yn boeken foar musea en galerys publisearre is. We sjogge se ek yn keramykmuseum Princessehof, by it wurk fan Rodin yn Den Haag (Lange Voorhout), yn it Muziektheater (Amsterdam) dêr't se kostúms fotografearje en op de seedyk by it meitsjen fan it byld foar it Frysk Festival.
Tusken Berltsum en Bitgum is in gebiet fan 100 bunder beskikber foar glêstúnbou. Túnkers út it westland moatte nei oare plakken sjen om't de romte dêr nedich is foar wenningen. By de Waadsee soe it klimaat ek geunstich wêze foar de tylt. De gemeente Menameradiel ûntfangt de tylders mei iepen earms en fersoarget in ekskurzje. We sjogge by in paprikakweker yn Easterbierrum en Hartman fan Seisbierrum makke jierren lyn al de oerstap fan de Rânestêd nei Fryslân. Wurkleazen wurde alfêst oplaat foar it wurk yn de kassen.
Yn de jierren 1950 en 1960 binne yn Ljouwert in soad sosjale hierwenningen boud, yn de foarm fan flats yn nije wenwiken Heechterp en Bilgaard. In tal fan dy flats wurde no sloopt, net alle bewenners binne dêr wiis mei. Yn de jierren santich kaam der stedsfernijing mei de wyk Aldlân, hierhuzen dêr't no leechstân is wylst der ek plannen binne foar nijbou.Foar- en tsjinstanners fan dizze plannen om leechstân oan te pakken komme oan it wurd.
By it Ingwierrumer Nijlân, in stik lân dat yn 1470 ynpoldere is, hat hûndert jier in polderhúske stien, isolearre fan de wrâld. De bewenners, 13 húshâldingen mei elkoar, hienen as taak om it op bûtendyks fee te passen. Mei de lêste bewenners dy't yn 1958 fuortgienen, geane we werom nei it plak dêr't it hûske stien hat. Se helje oantinkens op. Ek binne argyfbylden te sjen fan de oanlis fan de dyk dy't soarge dat de Lauwerssee in mar waard. Yn de Bantpolder stiet ek in isolearre wente, de bewenners dêrfan moatte tinke om it binnendyksfee.
We sjogge by de famylje Van der Meulen. Yn 1991 wienen we dêr ek op har pleats mei 80 kij yn Eastermar. No sân jier letter buorkje se yn Eenrum yn Grinslân. Neist dat se kij ha, ferbouwe se ek snijmais en jirpels.
Portret fan Benno Wiersma, oarspronklik fan Ljouwert, dy't as konsept-ûntwikkelder benammen mei sinne-enerzjy dwaande is. Ien sa'n projekt is de boat dy't meidocht oan de Whitbreadrace, in sylrace oer de wrâld. Mar hy sit ek yn bouprojekten. Bouwe de Boer fan de gemeente Ljouwert fertelt oer de plannen foar nijbou mei sinnepanielen op de dakken.
Hildegard Draaijer makket dûnsfoarstellingen dêr't se deistige sitewaasjes fan it libben yn útfergruttet, sadat it in komyske lading krijt dêr't ek tragyk bykomt. Yn dit portret fertelt se oer har jeugd yn Makkum, hoe't se fia de muzyk by de majorettes kaam en doe by ballet. Se folge de dûnsakademy, wurke by ferskate dûnsselskippen mar is al in skoft as koreografe dwaande. We sjogge repetysje fan ûnder oare in beukerfoarstelling en in foarstelling mei live-muzyk.
Houtwâlen komme in soad foar yn de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. It binne begroeide ierden wâlen om boerelân hinne, se soargje foar in kûlizelânskip. De begroeiïng op de wâl is belangryk foar floara en fauna, mar se binne net altyd ûnderhâlden en dat wurdt no wer oppakt. Pingoruïnes, markes yn it lân, binne yn de lêste iistiid ûnstien. Dobben binne lang sa âld net, mar ek dêr is wer omtinken foar. Lykas foar de elzesingels dy't wer ûnderhâlden wurde moatte.
De fêstiging fan de pabo yn Drachten (fan de NHL) moat slute, learlingen moatte tenei nei Ljouwert. We hearre de learlingen fan no, se ha bewust keazen foar in lytse skoalle. En we dûke de skiednis yn, doe't it de rykskweekskoalle wie, foarrinner fan de PA. Twa âld-ûnderwizers fertelle oer har ûnderfiningen en we hearre oer de skiednis fan de kweek yn Drachten en dy fan It Hearrenfean dy't al earder slute moast. By reünys fan beide opliedingen treffe âld-learlingen inoar.
Hoe sjocht it libben fan in frachtweinsjauffeur derút? We folgje Jappie van der Werken ûnderweis, hy wurket foar it grutte transportbedriuw De Bruin út Surhústerfean, en we hearre hoe't it foar syn famylje is dat er twa wiken achterinoar fuort is. We sjogge ek op kantoar by De Bruin, se ha 650 frachtweinen op de dyk. By rydskoalle Greidanus yn Boalsert folgje we in learling dy't foar syn rydbewiis giet.