Verzetsmuseum Friesland

16 April 1995

Ut it fernijde Verzetsmuseum Friesland wei, ûnderdiel fan it Fries Museum yn de Kânselarij, praat Geart de Vries mei ferskillende minsken oer de Twadde Wrâldoarloch. Wybe de Jong en Trynke Postma-Friso fertelle oer har ûnderfiningen. De Jong wie aktyf yn it ferset en waard 14 april 1945 befrijd út Crackstate op It Hearrenfean. By de famylje fan frou Friso wienen ûnderdûkers, no jout se de jeugd foarljochting oer de oarloch. Mei konservator Gerk Koopmans rint Geart de Vries troch it museum dat mei foto's en foarwerpen ferskate kanten beljochtsje wol lykas ferfolging, kollaboraasje en ferset. Ta beslút in petear mei Johan Frieswijk, Jan Wijbenga (soan fan Pieter Wijbenga) en Ype Schaaf oer de boeken dy't noch altyd oer de oarloch skreaun wurde.