'Van een Limburgse en een Friezin'

09 April 1995

Antje Hessels-Huitema (Waskemar) en Toos van den Borst-Abrahams (Beesel) binne al lang freondinnen. Se learden inoar kennen yn de Twadde Wrâldoarloch doe't Toos as 8-jierrich famke mei har famylje út Limburch nei Fryslân kaam as evakuee. Se kamen telâne by de famylje fan Antje. Toos fertelt oer de swiere reis dy't se ôflizze moasten, har mem hâlde in deiboek by. By de famylje fan Antje kamen se op in pleatske, wat doe noch Haulerwyk Beneden hiet. Se seagen der tsjin oan om evakuees te krijen, mar doe't de famylje nei de oarloch wer fuortgie, koenen se se net mear misse. Toos komt by Antje op besite en bringt flaai mei, tegearre helje se oantinkens op.