Jeltje van Nieuwenhoven is de earste gast yn de nije rige ôfleverings fan Under Fjoer. De seis jonge ynterviewers fan Under Fjoer hiene Van Nieuwenhoven heech op harren ferlanglistje stean. De nûmer twa yn de PvdA-rangoarder fan de Twadde Keamer is dan ek populêr by jongeren. "Stoer" is in kwalifikaasje dy't in pear kear oan har jûn wurdt yn Under Fjoer.
Femke, Gringa, Roelof, Nynke, Douwe Gerlof en Tetje meitsje har ree foar in fjouwertal petearen mei bekende Nederlanners. Alle gasten binne minsken dy't allegear yn in oare dissipline, op de ien of oare wize in súksesferhaal te fertellen ha. In ferhaal dat keppele wurdt oan de ambysjes, idealen en dreamen, mar ek oan fragen en twivels fan de ynterviewers sels. Presintaasje Miranda Werkman.