LTV_HESSEL_300303_WR2

Hessel docht it wer

30 Maart 2003

We sjogge by it konsert fan de Skylger kroechbaas en sjonger yn de Heineken Music Hall (HMH) yn Amsterdam. Op syn eilân fertelt er oer syn passy, de muzyk, en syn dreamen. We sjogge him by de repetysjes, yn syn studio, fansels yn syn kafee De Groene Weide en folgje him by de tariedingen fan it konsert yn de HMH. Ek sjogge we him sjongen mei syn dochter Tess.

LTV_KOARNWERTERSAN_FR_160303_WR

Koarnwertersân - lit it mar sa't it is

16 Maart 2003

Portret fan Koarnwertersân en de bewenners. It plak is eins net mear as in strjitte, mei 19 huzen, by de Ofslútdyk. Earder bewenne troch minsken yn tsjinst fan Rijkswaterstaat dy't by de Lorentzslûzen wurken, mar nei't de wenplicht ferfoel, kamen der ek oare bewenners, lykas in pear út Amsterdam. Se komme der foar de rêst, romte en natuer, want der is neat te dwaan en der is ek mar ien kear yn it jier in aktiviteit op de buert. We sjogge se yn har deistich libben en se fertelle oer har bining mei it plak.

LTV_FROULJU_STEATEBANKEN_090303_WR

Froulju yn Steatebanken

09 Maart 2003

Sân politike partijen ha froulike kandidaten op ferkiesbere plakken. Se prate mei ôfgeand Steatelid Ineke Verdoner (GrienLinks) oer it wurk, de ferhâlding man-frou, idealen en ferwachtingen. De froulju binne: Marianne van Hall (CDA), Hanny Palmen (SP), Tine Bijstra (VVD), Janny van der Molen (PvdA), Annigje Toering (FNP), Sietske Leistra (CU-SGP) en Irona Groeneveld (GrienLinks). Ek binne der portretsjes fan de froulju en fertelle se wat de stânpunten binne op it mêd fan ûnderwiis, wenjen, lânbou, ekonomy en ferfier.

LTV_JOHANNES_SPYKSMA_FR_020303_FR

De metoade Spyksma

02 Maart 2003

Johannes Spyksma siet 17 jier yn de Fryske Steaten foar de PvdA. No hâldt er him mei syn stichting Frija dwaande mei de leefberheid fan Fryslân. Mei in film reizget er by doarpshuzen del om dêrnei mei de bewenners yn petear te gean, dat se sels mei plannen komme kinne. As politikus fersette er him tsjin de 'ferminskliking' fan de natuer, mar no tinkt er dat dat net mear te kearen is.

LTV_ROMTE_FOAR_WETTER_FR_230203_WR

Romte foar wetter

23 Febrewaris 2003

Earder hie Fryslân wol 100 lytse wetterskippen, no binne der noch seis en it doel is dat der ien Wetterskip Fryslân komt. Klimaatferoaring, lânbou en natuerbehear spylje in rol by wetterbehear. Tefolle wetter yn sleatten en kanalen wurdt fia gemalen en slûzen ôffierd nei de see en oarsom wurdt ek wetter yn de boezem pompt. Ferskillende partijen komme oan it wurd, boer, natuerbehearder, bemealler, klimatolooch en wetterskipsbestjoerder. We sjogge by de lânbou, natuer, gemalen en slûzen.

LTV_FRYSKE_NASSAUS_1_NL_260103_WR

De Fryske Nassaus (diel 1 en 2)

26 Jannewaris 2003

Twa dielen oer de Fryske Nassaus. We folgje it spoar fan de ferskillende stedhâlders (Willem Lodewijk, Ernst Casimir, Hendrik Casimir, Willem Frederik), spoaren yn Ljouwert (Stadhouderlijk Hof, Princessehof, Grutte Tsjerke), yn Den Haag (Noordeinde, Koninklijk Huisarchief), Apeldoorn (Het Loo), mar ek yn Dútslân (Dillenburg en slot Oranienstein). Ferskate histoarisy fertelle oer de skiednis oan de hân fan argiven yn û.o. Tresoar. De ynventaris is oanbean oan Willem-Alexander en Máxima.

LTV_MELKERTBANEN_FR_190103_WR_1

De wearde fan wurk

19 Jannewaris 2003

We sjogge by it serviceteam súd fan de gemeente Ljouwert. De wurknimmers dogge allerhanne wurksumheden yn de iepenbiere romte, se rêde 'grof vuil' op en struie. De minsken wurkje mei behâld fan útkearing yn saneamde Melkertbanen, mar dy foarsjenning stiet faai. Guon wurknimmers fertelle oer har persoanlike sitewaasje.

LTV_JAN_VAN_DER_KOOI_291202_WR

Grinzen ferlizze: portret fan Jan van der Kooi

29 Desimber 2002

Jan van der Kooi tekenet en skilderet, meast figuratyf wurk. We sjogge him bûten oan it tekenjen (lânskip) en ek oan it wurk yn syn atelier. Hy fertelt dat er al mar mear fierder sjen wol, syn grinzen ferlizze. Sa sjocht er nei Fryslân no ek yn it bûtenlân lykas Venetië. Yn museum De Buitenplaats yn Eelde binne tariedingen foar in tentoanstelling.

LTV_SYTZE_PRUIKSMA_FR_141202_WR

As pauken sjonge: portret fan Sytze Pruiksma

14 Desimber 2002

Sytze Pruiksma is slachwurker. Hy komt út in hiele muzikale famylje en fertelt dêroer en oer syn wei nei it konservatoarium. Hy spile by ferneamde orkesten mar wol mear út de muzyk helje as inkeld noaten spylje. We sjogge him oan it wurk foar in dûnsfoarstelling. Neist de muzyk hat er in passy foar fûgels. As bern al gie er mei de kiker deropút yn de Warkumerwaard.

LTV_RINTJE_RITSMA_101202_WR

De rûte fan Ritsma: portret fan Rintje Ritsma

10 Desimber 2002

Portret fan de suksesfolle reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer. We sjogge him op it Lemster skûtsje mei syn pake, yn de sportskoalle, op Thialf en op it TT-sirkwy. Hy fertelt oer syn libben en hoe't er by it riden kaam. Ek oare sporters en trainers komme oan it wurd lykas Gerard Kemkers, Ab Krook, Geert Kuiper en Ard Schenk. Ritsma stapte út de KNSB en sette as earste in kommersjele ploech op.

LTV_GEURT_BUSSER_FR_241102_WR

'Ik wol skilderje': portret fan Geurt Busser

24 Novimber 2002

Geurt Busser is lânskipsskilder. Al syn libben lang makket er akwarellen fan de natuer en dan benammnen it Waad en it wetter. We sjogge him oan it wurk yn de bûtenloft, yn waar en wyn, dat is syn atelier. Mei de camper rydt er teplak of mei de boat fart er út en lit er him drûchfalle. Nei in koart skoft op de keunstakademy hat er it himsels leard.

LTV_REIN_HOFSTRA_271002_WR

Dat dat mei...! Arsjitektuer fan Rein Hofstra

27 Oktober 2002

Rein Hofstra fan Grou is arsjitekt. Bekende ûntwerpen fan him binne de Nije Kromme (brêge yn de Slachtedyk by Wommels), de tuorren by it Sjûkelân yn Frjentsjer en de ferbou fan de Heerenveense school. Hy fertelt oer syn wurk en fyzje; hy ûntwerpt yn de kontekst fan it lânskip en we sjogge him oan it wurk mei kompanjon Tonny Douma en by ferskate projekten, lykas de ferbou fan it doarpshûs fan Raerd en nijbou fan wenning en bedriuwsromte yn Akkrum. Hy fertelt ek, mei stêdeboukundige Koos van der Sloot, oer it ûntwerp fan wetterwenningen by De Jouwer.

Pages