Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

08 July 2000

In wiidweidich ferslach fan de earste Slachtemaraton op 8 july 2000, ûnderdiel fan Simmer 2000, mei moaie bylden fan de tocht en petearen mei dielnimmers. De tocht begûn by Easterbierrum by de seedyk en einige yn Raerd. Underweis wie it ien grut folksfeest mei korpsen lâns de rûte. Ek spile Harm Wiersma damjen op in grut damboerd mei keunstkij. Goed 8.000 kuierders rûnen mei. Simone Scheffer prate mei Simmer 2000-foarsitter Henk Kroes. Tal minsken moasten nei ôfrin opfongen wurde om't se duzelich wienen fanwegen te min iten en drinken. Gerrit Kramer fan Boalsert wûn de maraton.

ABD-sjoo 0208

ABD-sjoo 0208

15 April 2003

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ABD-sjoo De Sint Matteusskoalle fan De Jouwer en it Klimmerblêd fan Sint Nyk.

LTV_DI_GOIJUM_080398_WR

Di Gojim: in Jiddyske meldij

08 Maart 2020

Di Gojim makket Klezmermuzyk, Jiddyske brullofts-en dûnsmuzyk. We sjogge by repetysjes en optredens. Jaap Mulder en Tseard Nauta fertelle oer it begjin fan de band en ek de oare leden komme oan it wurd. Klezmermuzykkenner Wim Bloemendaal giet yn op de skiednis fan en ynfloeden op de muzyk.