Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180719_SADWAANDE_24_01_2001.mp4

Sadwaande: Redens

24 Jannewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer redens. We teste mei Ids Willemsma, Lipkje Hoekstra en Dennis Schuurman yn Thialf ferskate soarten redens, fan de houtreed oant de klapreed en fan de Easyglider oant de Comfortnoar. We sjogge by it reedrydmuseum yn Hylpen en Willem Augustin fertelt oer syn njoggen Alvestêdetochten. En we prate mei maratonrider Peter de Vries. Prinses op learzens stiet op de skeelers.

Sadwaande_Time-management_17_11_1999

Sadwaande: Timemanagement

17 Novimber 1999

Dizze Sadwaande giet oer timemanagement. Elk hat it drok mei wurk en húshâlding. We prate mei kommissaris Ed Nijpels dy't al in jier foarút plant, sjogge by in kursus timemanagement en by it drokke skema fan in jonge húshâlding. En prate mei Twadde Keamerlid Annet van der Hoek en ûndernimmer Jos Paques oer de drokke aginda. Prinses op learzens krijt ien minút om te boadskipjen.

Sadwaande: jild

Sadwaande: jild

15 Oktober 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: alles dat te krijen hat mei jild.