Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: It Fryslân fan, Rinny Siemonsma en de Ljouwerter Bachferiening

Spegels: Dokumintêres en 50 jier bachferiening

06 Novimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: hoe makkest in dokumintêre? Spegels folget in tal dokumintêremakkers. En de Bachferiening fan Ljouwert bestiet 50 jier.

LTV_Keatsen-yn-Belgie-1_WR

Keatsen yn België (diel 1): it kampioenskip fan Flaanderen

23 Septimber 2007

Diel 1 fan in twalûk oer keatsen yn België. We sjogge by it kampioenskip fan Flaanderen, dat op strjitte dien wurdt yn Aalst. We prate mei twa suksesfolle Belgyske keatsers, David de Vits en Timmy Joos. It keatsen is fan âlds in folkssport, mar de belangstelling nimt ôf. Ek Fryske keatsers komme oan it wurd, Piet Jetze Faber, Johannes Brandsma en Gerrit Okkinga.

It Petear: Piet Paulusma

It Petear: Piet Paulusma

24 Jannewaris 1995

Klaas Jansma ynterviewt waarman Piet Paulusma.