Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_IT_FJIRDE_GEWAS_2

It fjirde gewaaks

13 Novimber 1994

Neist it ferbouwen fan jirpels, sûkerbiten en weet wurdt socht nei alternative gewaaksen foar it lân. De saneamde 'agrivicatie' siket nei gewaaksen dy't brûkt wurde kinne as griene grûnstoffen foar yndustriële produkten, lykas flaaks en olifantsgers. We sjogge by ûndersikers yn Wageningen, prate mei boeren en produsinten oer dizze ûntwikkeling.

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1994

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1994

04 July 1994

Yn 1994 kaam in rekôrtal fan 150.000 besikers op de iepen dei fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. De demonstraasje fan in Frânsk team makke in soad yndruk troch kleurde read-wyt-blauwe reek te brûken yn har fleanshow. Ek wienen de nije frachtfleantugen Hercules te besjen en de Apache helikopters. Famylje koe fia satellyt belje mei útstjoerde militêren yn Bosnië.

OPBOU_3_WEROMROP

De Opbou 3: De begelieders

21 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Yn dit tredde diel komme de tsjinstanners en tsjinlûden fan de yndustrialisaasje oan de oarder. It sukses is sa grut dat sels yn Amearika reklame makke wurdt foar de Drachtster skearapparaten. Philips hat mear personiel nedich en besiket dy te winnen ûnder Friezen om utens. Troch de groei fan it fabryk en it grutte tal minsken dat dêryn wurket, feroaret de maatskippij ek. In animaasjefilmke moat de foaroardielen fan it wurk yn it fabryk weinimme.