Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0109

ABD-sjoo 0109

04 Juny 2002

Yn de njoggende en lêste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Menno van Coehoornskoalle út Ljouwert en de Van Kleffensskoalle fan It Hearrenfean it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we allegear gebouwen: útkyktoer Belvédère by Oranjewâld, Hooglandgemaal by Starum, stedhûs yn Boalsert, Poptaslot yn Marsum en Crystalic yn Ljouwert. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Sybe Satellyt 0201

Sybe Satellyt 0201

10 Septimber 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy besjocht de bou fan it akwadukt by Grou en sjocht by in terpôfgraving yn Winaam.

Van Tuinen Thús by Reitze Ketellapper

Van Tuinen Thús by Reitze Ketellapper

04 July 2001

Thús by Reitze Ketellapper yn Koarnjum, autohanneler en prominint CDA-politikus.