Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Oerol 2000

Spegels: Oerol 2000

23 Juny 2000

We sjogge op Skylge, by it Oerolfestival. Trije freonen, Jan Spijkerman, Fedde Bergsma en Ton van Andel, filmje op fersyk fan de Omrop har Oerol. Se sjogge allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby.

Fan fan: Chris Wassenaar

Fan fan: Chris Wassenaar

17 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt keatser Chris Wassenaar it himd fan it liif frege troch Knillis van de Burg (8 jier). Se moetsje elkoar by de keatser thús yn Minnertsgea.

50 jier Omrop Fryslân 2 Fan Grins nei Ljouwert

50 jier Omrop Fryslân 2 Fan Grins nei Ljouwert

07 April 1996

Yn de jierren sechstich wurdt it Fryske radioprogramma noch fanút Grins útstjoerd. De twadde útstjoering fan '50 jier Omrop Fryslân' giet oer de feroaring dy't de RONO (Regionale Omroep Noord Oost) trochgiet fan 1960 oant 1975.