Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FROULJU_STEATEBANKEN_090303_WR

Froulju yn Steatebanken

09 Maart 2003

Sân politike partijen ha froulike kandidaten op ferkiesbere plakken. Se prate mei ôfgeand Steatelid Ineke Verdoner (GrienLinks) oer it wurk, de ferhâlding man-frou, idealen en ferwachtingen. De froulju binne: Marianne van Hall (CDA), Hanny Palmen (SP), Tine Bijstra (VVD), Janny van der Molen (PvdA), Annigje Toering (FNP), Sietske Leistra (CU-SGP) en Irona Groeneveld (GrienLinks). Ek binne der portretsjes fan de froulju en fertelle se wat de stânpunten binne op it mêd fan ûnderwiis, wenjen, lânbou, ekonomy en ferfier.

De Nije Skoalle 6: Spesjaal ûnderwiis

De Nije Skoalle 6: Spesjaal ûnderwiis

11 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De sechde útstjoering giet oer it spesjaal ûnderwiis. Dit is ûnderwiis foar dreech learende bern. Troch ynterviews op de MLK-skoalle De Ark yn Drachten wurdt útlein hoe't it giet op dy skoalle.

ABD-sjoo 0105

ABD-sjoo 0105

12 Febrewaris 2002

Yn de fyfde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Bining út De Trieme-Westergeast en de iepenbiere basisskoalle út Driezum it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is fabriken en wurkpleatsen. We sjogge by sâltboarring, molkfabryk, tsiisfabryk, sûkerbitefabryk, meubelmakkerij, grafysk sintrum en printerij. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).