Gjin dea guod baas - oer 'it stjonkfabryk'

18 April 2004

Yn 1926 iepene yn Sumar it earste destruksjebedriuw fan Nederlân: NTF (Nederlandshe Thermochemische Fabrieken). It bedriuw krige yn de rin fan de jierren oar wurk en oare nammen, fan Rendac nei Sonac. Earder ferwurke it bedriuw kadavers, no is dat saneamd 'categorie 3'-materiaal lykas bonken, hûden en fearren. Yn in Twadde Keamerkommisje wurdt praat oer de kosten, de minister wol de jierlikse bydrage ynlûke. Der is noed oer falliseminten en it yllegaal dumpen fan dea fee. Tal fan partijen komme oan it wurd: politisy, minsken fan it bedriuw, in slachter, in skieppeboer, minsken dy't noed ha oer de sûnens, benammen nei de BSE-krisis (gekke koeienziekte) en ynspekteurs.