Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande: ferkear, transport en whiplash

Sadwaande: ferkear, transport en whiplash

29 Oktober 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: ferkear, transport en whiplash.

Linkk Ekstra: godstsjinst 2

Linkk Ekstra: godstsjinst 2

23 Maart 2001

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is in ferfolch op diel 1 oer de ferskate godstsjinsten. Jildou Hoitsma fertelt oer it ûntstean fan it kristendom en de islam en praat mei moslima Naziha Yigit en kristen Marthe Otter.

Sadwaande_oer_offal_20_10_1999

Sadwaande: Offal

20 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer ôffal. We sjogge dat de heffingen foar ôffal ferskille per gemeente en prate dêr mei twa wethâlders oer. We sjogge by it wurk fan de 'snuffelaar' dy't de kliko's kontrolearret op it skieden fan ôffal. Yn Weststellingwerf skiede se neffens diftar. Prinses op learzens bringt it ôffal oer de gemeentegrins, dat is goedkeaper.