Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Alde Feanen-tocht yn Earnewâld

Hjoed: Alde Feanen-tocht yn Earnewâld

21 Febrewaris 1994

It wie smoardrok op it iis yn Fryslân yn it foarjier fan 1994. Toertochten waarden drok besocht troch riders dy’t fan it iis genietsje woene. Sa ek de Alde Feanen-tocht yn Earnewâld. De organisaasje ferwachte tsientûzen reedriders, mar der kamen folle mear…

LTV_LESTELUDEN_5_WR

De lêste lûden fan in taal: It stille lân (II) (diel 5)

16 Desimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit fiifde en lêste diel sjogge we opnij yn Kasjoebië, yn it noarden fan Poalen, om krekt te wêzen op it skiereilân yn it noarden. De Kasjoebyske taal krijt hieltyd mear yngong op skoalle en yn de kulturele wrâld (toaniel, literatuer en popmuzyk) en ek yn de tsjerke wurdt it brûkt en der binne programma's op radio en telefyzje yn it Kasjoebysk. Der is noed oer de takomst om't minder jongeren de taal prate mar de bewustwurding en de grutskens op de eigen taal nimt wol mear ta.

Wurktiid TV: WSW

Wurktiid TV: WSW

29 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de WSW, de wet op de sosjale wurkfoarsjenning, subsidiearre banen foar minsken mei in ôfstân nei de arbeidsmerk. Direkteur F. Kooiker fan De Woudengroep fertelt oer it nut fan de wurkpleats en wurknimmers T. Gevers en F. van Velzen fertelle oer it wurk dat se dogge yn de wurkpleats, se meitsje ortopedyske produkten.