De lêste lûden fan in taal: It stille lân (II) (diel 5)

16 Desimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit fiifde en lêste diel sjogge we opnij yn Kasjoebië, yn it noarden fan Poalen, om krekt te wêzen op it skiereilân yn it noarden. De Kasjoebyske taal krijt hieltyd mear yngong op skoalle en yn de kulturele wrâld (toaniel, literatuer en popmuzyk) en ek yn de tsjerke wurdt it brûkt en der binne programma's op radio en telefyzje yn it Kasjoebysk. Der is noed oer de takomst om't minder jongeren de taal prate mar de bewustwurding en de grutskens op de eigen taal nimt wol mear ta.