Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed_300302_waldhuske

Hjoed: Wâldhúske 30 maart 2002

30 Maart 2002

Yn 2002 waard yn it iepenloftmuseum fan Arnhim in Frysk wâldhúske iepene. It arbeidershúske wie dêrfoar wer hielendal fan de grûn ôf opboud. In grutte groep ynwenners fan Dantumadiel wie by de offisjele iepening.

DOARPSHUSSIEGERSWALDSWAM1997

Hjoed: Swam yn doarpshûs Sigerswâld

06 Febrewaris 1997

In drama foar it doarpshûs yn Sigerswâld yn 1997. Besikers fernamen dat de flier wat slop waard. Nei ûndersyk die bliken dat de houten flier hast folslein ferrotte wie fanwege oantaasting troch in hússwam.

Wyn op woansdei: Scouting

Wyn op woansdei: Scouting

13 Novimber 2002

Annet Huisman dûkt yn de wrâld dy't scouting hjit. Scouting (foarhinne de paadfinerij) is in wrâld fol koades, tradysjes en noarmen. Tink mar ris oan de unifoarmen, it iepenjen mei de flagge en de belofte dy't scouts ôflizze moatte. Noarmen en wearden stean op 't heden folop yn de aktualiteit. Dat smyt de folgjende fraach op: is scouting HOT?