Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Buorkje yn Texas

Om Utens: Buorkje yn Texas

08 April 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer buorkje yn Texas. Gosse Damstra en Gerard Hoekman hiene beide de dream om boer te wurden, mar dat slagge net yn Nederlân. De twa mannen ha doe dizze dream realisearre yn it Amerikaanske Texas. De froulju fan de beide manlju moasten wol wat oertsjûge wurden om te ferhúzjen.

Hjoed 2 maart 2005 16.00 oere

Hjoed 2 maart 2005 16.00 oere

02 Maart 2005

Hiel Fryslân wie ûntregele doe't der op woansdei 2 maart 2005 in tsjok pak snie foel. Omrop Fryslân kaam om 16.00 oere mei in ekstra Hjoed.

Wurktiid TV: Traumacare

Wurktiid TV: Traumacare

24 April 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Traumacare. Pjutteliedsters leare hoe't se hannelje moatte by lytse ferwûningen.