Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_PASSY_OARGEL_260904_WR4

Passy foar it oargel

26 Septimber 2004

Yn de 19de iuw waarden in soad oargels yn Fryslân boud, dy kamen yn de provinsje te stean, mar ek yn oare dielen fan it lân. Oargels ha ûnderhâld nedich en we sjogge by ferskillende aspekten fan dat proses, restauraasje fan pipen en houtwurk en it stimmen. Jan Jongepier is oargelist en hâldt him dwaande mei oargels as monumint. Hy hat noed oer de oargels as de tsjerken slute. We sjogge by ferskate oargels en bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei reparaasje. It is dreech om nije minsken te krijen dy't it ambacht leare wolle.

LTV_WR_Portret-Ger-Harmsen

Tsjin de stream: portret fan Ger Harmsen (1922-2005)

01 Maaie 2005

De Amsterdamske timmermanssoan Ger Harmsen wenne sûnt ein jierren sechtich yn De Knipe, yn in pleatske dat er 'De Weegbree' neamde. De kenner fan de arbeidersbeweging, sosjale skiednis en grut leafhawwer fan natuer hie dêr in grutte biblioteek. In dei foar't de opnamen foar de dokumintêre begûnen, kaam Harmsen te ferstjerren. Hy wie 82 jier. Ferskate minsken komme oan it wurd oer de alsidige persoan Harmsen en syn betsjutting op allerhanne mêd. Dat giet fan moassen oant fakbûn en fan lânarbeider Imke Klaver oant Karl Marx. Yn argyfbylden komt Harmsen sels ek oan it wurd.

Hjoed: Hûneshow 24 april 2000

Hjoed: Hûneshow 24 april 2000

24 April 2000

2350 hûnen hjoed op de 35e ynternasjonale hûnetentoanstelling yn it FEC yn Ljouwert. Foar de earste kear ek 24 dielnimmers út Ingelân. Dat is bysûnder want oant no ta koene je mei in hûn Ingelân hast net yn of út komme. It bist moast dan 6 moannen yn karantêne. Ek nij is dat de hûnen yndield binne neffens nije raskategoryen. Der wiene 9, dat is no oanpast oan it bûtenlân, dêr't se 10 haadrassen kenne.