Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_US_FABRYK_WR

Us fabryk

22 Septimber 1996

Yn 1886 kaam it suvelfabryk yn Wergea en yn 1994 waard it sletten. Ald-wurknimmers fertelle wat dy sluting foar har betsjutte, guon rekken út it wurk, oaren krigen oar wurk fierder fuort. De ûndernimmers, lykas de bakker, krige ek minder bestellingen troch de sluting. Yn it fabryk sitte no lytsere saken lykas in meubelbedriuw en ek oare ûndernimmers ha der belangstelling foar. We hearre ek oer de skiednis fan it fabryk.

Tûkelteammen 0301

Tûkelteammen 0301

12 April 2005

De earste ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit Anne Feddema (skriuwer/skilder) út Ljouwert en Warner Veltman fan Aldtsjerk Se nimme it op tsjin Doet Boersma (keunstskilder) út Ljouwert en Halbe Kornelis fan Snits.

LINKK 11: Moai

LINKK 11: Moai

19 Oktober 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer moai, wat is moai? Oan it wurd komme Miss Fryslân en in bodybuilder.