Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0204

Tûkelteammen 0204

21 Oktober 2003

Yn dizze taalkwis nimt it team fan âld-keatser Sake Porte en Tjitze Schippers fan Lippenhuzen it op tsjin it team fan âld-fierljepper Rimmer Abma en Alie Visser fan Terwispel.

LINKK 25: Muzyk

LINKK 25: Muzyk

31 Oktober 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer muzyk. We prate yn in audiostudio mei jongeren dy't sels muzyk meitsje, ien spilet marimba, ien makket komposysjes op de kompjûter en in pear jonges sitte yn in metalband.

VX-197225

In Minskelibben: Mieke Andela-Bauer

19 Septimber 1999

Geart de Vries praat mei Mieke Andela-Bauer. Dizze boeredochter út Limboarch kaam nei de Twadde Wrâldoarloch nei Fryslân en moete har man yn Tritsum. Se wie learares en maatskiplik aktyf. Fan 1976 oant 1986 siet se foar de CDA yn de Twadde Keamer. Noch altyd is se aktyf, no foar âlderein. Se fertelt oer har libben en driuwfearren.