Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FERSETSFILM

Fersetsfilm fan Eppie Bultsma

03 Maaie 1998

Fersetsman Eppie Bultsma filme yn de Twadde Wrâldoarloch it wurk fan it ferset. Hy wie haad fan de yllegale ynljochtingetsjinst en filme ûnder oare de tariedingen op de Overval, it wurk fan de Luisterpost en dat fan koeriersters. Nei de oarloch emigrearre de famylje nei Amearika, soan Jake hat de film oan it Verzetsmuseum Friesland skonken.

Wyn op Woansdei: Bisten en dea

Wyn op Woansdei: Bisten en dea

16 Novimber 2005

Programmamakker Mirjam van der Veen siket út oft bisteleafhawwers har dieren begrave of kremearje. Se praat mei meiwurkers fan in bistekrematoarium, in bistedokter, in katteleafhawwer dy't al 20 katten ferlern hat en in boerinne dy't in soad bisten hat.

De dei foar de Tocht #3

De dei foar de Tocht #3

03 Jannewaris 1997

Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: ûnderkuolling en de tariedings yn it Antonius sikehûs yn Snits.