Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_POLDERHAZZEN_1309098_WR

Polderhazzen

13 Septimber 1998

By it Ingwierrumer Nijlân, in stik lân dat yn 1470 ynpoldere is, hat hûndert jier in polderhúske stien, isolearre fan de wrâld. De bewenners, 13 húshâldingen mei elkoar, hienen as taak om it op bûtendyks fee te passen. Mei de lêste bewenners dy't yn 1958 fuortgienen, geane we werom nei it plak dêr't it hûske stien hat. Se helje oantinkens op. Ek binne argyfbylden te sjen fan de oanlis fan de dyk dy't soarge dat de Lauwerssee in mar waard. Yn de Bantpolder stiet ek in isolearre wente, de bewenners dêrfan moatte tinke om it binnendyksfee.

LTV_SUNDER_MIS_SNITSER_KANTORIJ_230400_WR

Sûnder mis: Fryske fariant fan de roomske mis

23 April 2000

Dirigint Bob Pruiksma betocht it plan om foar de teksten fan de mis yn de roomske tsjerke Fryske teksten meitsje te litten. Ferskate dichters wurken deroan mei, wêrûnder Berber van der Geest dy't deroer fertelt. De Snitser Kantorij sjongt de lieten yn de Sint Martinustsjerke yn Snits.

ITDOARP_POPPENWIER_170699

It Doarp: Poppenwier

17 Juny 1999

Portret fan it doarp Poppenwier en syn 180 ynwenners. Bysûnder is dat it doarp de tsjerke behâlden kinnen hat, mei in spesjaal oerwurk. Der is ek noch in ferskûle menistetsjerke. It doarp ken in eigen fariant fan kuorbal en hat sels in doarpshûs boud foar de jeugd en de ferieningen. De doarpshistoarikus fertelt oer eardere tiden. Der binne gjin winkels,de SRV-wein komt yn it doarp.