Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

18 Febrewaris 1990

Programmamakker Piter Tjeerdsma praat mei Reinder Schaap, berne yn Dearsum, en no lânbou-attasjee yn Hong Kong. Hy fertsjinwurdiget it ministearje fan Lânbou en spilet dus in grutte rol by de suveleksport fan Nederlân. Der binne mear Friezen om utens: Klaas Oreel sit yn de fiskerij en Gjalt Ytsma hat seeskippen yn Hong Kong. Tjeerdsma folget Reinder Schaap by ferskate bedriuwen del lykas in roazekwekerij en fertelt oer de hannel mei de Sinezen.

LTV_Drents-Friese-Wold_doku_WR

It bosk is fan ús allegear - oer it Drents Friese Wold

18 Septimber 2005

Yn Nasjonaal Park Drents Friese Wold wurde tal fan beammen kapt om sa mear fariaasje te krijen. It gebiet bestiet út 4.000 bunder bosk, der is heide en it woestyngebiet Keale Dunen. It kappen troch Steatsboskbehear ropt heftige reaksjes op. Der wurde ynformaasjejûnen belein foar omwenners en der wurdt in aksjegroep oprjochte dy't yn de supermerk mei ynformaasje stiet. Earder is de wetterhúshâlding yn it gebiet mei it Beekdal al opknapt. It Nasjonale Park smyt mear bekendheid op wat goed foar de rekreaasjesektor, lykas de camping, is.

Spegels: Toanielselskip Tesselschade en it Fryske lânskip

Spegels: Toanielselskip Tesselschade en it Fryske lânskip

20 Febrewaris 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. In reportaazje oer it toanielselskip Tesselschade fan Hurdegaryp en harren foarstelling 'Roos en Kiki'. En skilder Fred Thoolen en fotograaf Leo Vogelenzang fertelle oer it Fryske lânskip.