Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0304

ABD-sjoo 0304

09 Desimber 2003

Yn de fjirde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Partoer út Burgum en De Barte út Drachten it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by in dowehâlder yn Twizelerheide. Te gast is Richard Mastenbroek, hy hat skorpioenen by him. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Linkk Ekstra: Geweldig Express 2

Linkk Ekstra: Geweldig Express 2

05 Oktober 2001

Yn dizze twadde ôflevering fan Geweldig Express ûndersiket Jildou Hoitsma it tema geweld fierder. Yn 1345 fersloegen de Friezen de Hollanners by de slach by Warns. Yn de Twadde Wrâldoarloch binne ek in soad minsken ûnderdrukt en oan geweld bleatsteld. Roelof Ybema út Warkum docht syn ferhaal oer hoe't er troch de Dútsers oppakt is en yn strafkampen telâne kaam. Douwina Boomsma fan Amnesty International fertelt oer lannen wêr't ûnderdrukking noch hieltyd bestiet. Yn Fryske asylsikerssintra sitte minsken dy't ek foar it geweld flechte binne.

MINSKEWURK_7_PLYSJES

Minskewurk 7: Plysjes

15 Maaie 2001

We sjogge by it ferskaat oan wurk dat de plysje docht. Op de Friese Poort leare studinten foar plysje, en moatte se alle dagen sporte. Ek op it plysjeburo yn Harns wurde minsken oplaat. We sjogge by de plysje op it wetter dy't charterskippen en binnenfeartskippen kontrolearje en by de plysjehûnetraining.