Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op woansdei: PABO-nivo

Wyn op woansdei: PABO-nivo

27 Novimber 2002

Wyn op Woansdei giet oer de kwaliteit fan de masters en juffen op de basisskoalle, no en yn de takomst. Sintraal stiet in test dy't we dienen mei in groep treddejiers PABO-studinten. Wat sommen, in diktee en wat topografy. De resultaten wiene 'rampzalig'. Ek net bêst: ynterviews op strjitte op it Hearrenfean: tieners dy't de tafels net kinne en tinke dat Enschede by Breda leit. In programma fan Evert van den Berg.

LTV_WR_Stedsherstel

'It stiet as in hûs' oer Stadsherstel

27 Juny 2022

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in grut ferlet fan wenningen. Nije wiken waarden boud en tagelyk fertutearze de binnenstêd. Frijwilligers fan Stadsherstel knappe âlde pannen op en ferbouwe se. We sjogge foarbylden fan it wurk yn Ljouwert (ferbouwing kultureel sintrum Blauwe Stoep ta wenningen), Harns (Zoutsloot) en Hylpen (haven). Entûsjaste frijwilligers fertelle oer de projekten en wat der allegear by komt te sjen. Der wurdt soms ek kleure-ûndersyk dien om gebouwen yn de oarspronklike steat werom te bringen.

LTV_APART_BONNEMA_GOEDE_FERZY_WR

Apart, Bonnema

27 Juny 1999

Arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp (1926-2001) hat yn 1999 sawat 500 bouprojekten op syn namme stean. Syn grutste gebou, de Delftse Poort yn Rotterdam, is 150 meter heech en op dat stuit noch it heechste gebou fan Nederlân. Syn lytste bouwurk, in simmerhúske op Flylan, is 85 kante meter. De Achmeatoer, de heechste toer fan Ljouwert, is ek fan syn hân. Yn 1999 waard útein set mei de bou. Yn dit portret fertelt Abe Bonnema by de gebouwen dy't hy ûntwurpen hat oer bouwe op de minsklike maat en wat er fan syn heit learde by it ûntwerpen. Ek sjogge we syn wenhûs yn Hurdegaryp.