Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

CAMPING_4_WR

In dei op de camping 4: Het Wad yn Breesândyk

13 Augustus 1997

Sfearympresje fan de camping en syn gasten. Dizze camping oan de Iselmar ken eins inkeld fêste gasten mei in steancaravan. De plakken hawwe gjin stroom en wetter, de gasten meie der graach fiskje. Foar in boadskipke moatte se nei it pompstasjon oan de grutte dyk.

LTV_ROADS_MELODY_WR

Road's Melody

31 Oktober 2004

De Ljouwerter band Road wie suksesfol yn de jierren santich. Har grutte hit wie The unchained melody. Se stienen sels yn TopPop en hienen in fanclub. Mei de leden (Hans Krakou, Arjen Kamminga, Frans van den Borg en Harry Kootstra) sjogge we werom op it begjin en it sukses en hoe't it no mei se is. Ek plateprodusint Wobbe van Seijen komt oan it wurd en pophistoarikus Beart Oosterhaven. Op in jûn fan Stappers van Toen ropt de plaat in soad oantinkens op.

180628_SADWAANDE_13_05_1998.mp4

Sadwaande: Dieuwke Kroese achter it stjoer, bûtenlânske ûndernimmers, Fryske Diken en oplieding (diel 4)

13 Maaie 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige: in bekende Fries achter it stjoer, mei Dieuwke Kroese. Yn de rige oer ferkearsfeilichheid kontrolearret de plysje op it dragen fan de autoriem. Yn de searje oer twa froulju dy't in oplieding dien ha om wer oan it wurk te kinnen sjogge we by de fakatueres op it arbeidsburo. En we prate mei suksesfolle bûtenlânske ûndernimmers.