Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 2

Linkk Ekstra: Midsiuwen 2

21 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel twa fan de searje oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Se fertelt dizze kear oer it ûntstean fan de stêden en de huzebou. Yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn is te sjen hoe't minsken doe wennen. De pest brekt út en makket tûzenen slachtoffers. Ek fertelt Jildou oer godstsjinsten.

Sadwaande_Famyljebedriuwen_27_03_2002

Sadwaande: Famyljebedriuwen

27 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer famyljebedriuwen. We sjogge by trije famyljebedriuwen: supermerk Vlasma yn Kollumerpomp dy't lêsten de doarren slute moast, meubel- en bêdesaak Meulen en Baarsma yn Oentsjerk en Dokkum en slachterij De Jong op De Jouwer. De eigeners fan de supermerk koenen it bedriuw net oerdwaan oan de bern fanwege konkurrinsje. De beide soannen Van der Meulen sitte yn de saak en ek de bern fan De Jong wurkje yn de slachterij. Floris lit sjen dat der ek skaadkanten binne oan in famyljebedriuw.

Fytsalvestêdetocht 2002

Fytsalvestêdetocht 2002

18 Maaie 2002

Der wurdt yn Boalsert drok wurke oan de tariedings foar de Fytsalvestêdetocht fan 2002. Hjoed is de mini-alvestêdetocht oer 40 kilometer.