Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Veonhoop-festival troch de jierren hinne

Veonhoop-festival troch de jierren hinne

29 July 1994

It Veenhoop-festival op De Feanhoop is ferneamd, mei syn tûzenen besikers, optredens en benammen in hiel soad bier, lûkt it altyd de oandacht. Yn Hjoed sjogge we by de tariedingen fan trije ferskillende edysjes en komme ferskate campinggasten oan it wurd.

LTV_GRIENEWEI_3_270590

LTV: De Griene Wei 3: Ljouwert as ûnderwiisknooppunt: Martinus Santema

25 Juny 2019

Yn dit programma praat Geart de Vries mei Martinus Santema, ûnderwiissaakkundige, oer de gearwurking yn it heger beropsûnderwiis. Ljouwert moat in studintestêd wurde. Se prate oer de rebûlje fan it saneamde Herenakkoord wêrby't Grins de Ubbo Emmius en de agraryske hegeskoalle kwytrekke en Ljouwert it Frysk orkest en tal fan keunstynstellingen. We sjogge ek yn Grins by in tsjinstanner fan dizze ruil en prate mei deputearre Kobus Walsma. Ek sjogge we op de HTS want Ljouwert moat nije technyske opliedingen krije.

Sjoch mar: Roeie

Sjoch mar: Roeie

04 Maaie 1998

Renske Keizer út Ljouwert heart by de top trije fan de roeisport yn Nederlân. Arjen gie op paad om te sjen oft hy ek in talint hjirfoar hat.