LTV: De Griene Wei 3: Ljouwert as ûnderwiisknooppunt: Martinus Santema
Yn dit programma praat Geart de Vries mei Martinus Santema, ûnderwiissaakkundige, oer de gearwurking yn it heger beropsûnderwiis. Ljouwert moat in studintestêd wurde. Se prate oer de rebûlje fan it saneamde Herenakkoord wêrby't Grins de Ubbo Emmius en de agraryske hegeskoalle kwytrekke en Ljouwert it Frysk orkest en tal fan keunstynstellingen. We sjogge ek yn Grins by in tsjinstanner fan dizze ruil en prate mei deputearre Kobus Walsma. Ek sjogge we op de HTS want Ljouwert moat nije technyske opliedingen krije. En yn in skets (spile troch Rense Westra) sjogge we wat in 'megamanager' docht.