Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Reve-yn-Fryslan-1_Een-huisje-in-Fryslan_WR

Reve yn Fryslân (diel 1): Een huisje in Friesland

12 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Mei syn partners, Henk van Manen (Woelrat) en Willem van Albada (Teigetje) sjogge we werom op dy tiid. Fia kunde kaam Reve yn Greonterp telâne, hy socht der rêst en in eigen plak. Ek doarpsgenoaten komme oan it wurd en de dochter fan de kroechbaas yn Blauhús dêr't Reve geregeld kaam en ek nei de Roomske mis gie.

LTV_SIMMER_YN_JORWERT_120195_WR

Simmer yn Jorwert

01 Septimber 1994

We sjogge by de tariedingen, repetysjes en úteinlik de útfiering fan it iepenloftspul fan Jorwert, yn de notaristún. Midsimmernacht's dream wurdt spile. Kostúmûntwerper Ykje Hibma, dekôrûntwerper Beb Mulder, regisseur Romke Toering en kostúmútfierder Gerry Smids fertelle hoe't se te wurk gean. Ek Gais Meinsma fertelt oer har wurk, se is al jierren ferantwurdlik foar de omballingen.

Baas Boppe Baas 0402: Pluk de dei

Baas Boppe Baas 0402: Pluk de dei

01 Jannewaris 2004

Talieta is mei de famylje Baas mei de boat fuort. Jûns sjocht sy in oare boat en tinkt dat der wat mei de boat oan de hân is. Talieta giet op ûndersyk út. Wat sy net wit, is dat har stalker op dy boat sit.