Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: it FYK yn Italië

No Wy: it FYK yn Italië

26 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering litte Doutsen Dijkstra en Ydwine Willemsma fan it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt) har útwikselingsreis nei de Sloveenske minderheid yn Italë sjen. De Fryske jongeren wurde dêr bypraat oer de taal en kultuer, it ûnderwiis, de media en de ekonomyske posysje fan de Slovenen yn Italië en fertelle ek oer de Fryske sitewaasje. Mar fansels ha se benammen in soad wille mei elkoar.

Hjoed: tongblier, oer de RVV

Hjoed: tongblier, oer de RVV

13 April 2001

Yn Hjoed fan 13 april 2001 belibbet Fryslân dei trije fan de tongblierkrisis. De RVV (Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees) moat de bisten romje en plysje kontrolearret elk dy't it besmette gebiet yn of út moat. Ferslachjouwer Douwe Boersma docht ferslach út Ie wei, hy praat mei de winkeleigener dy't syn klanten gerêststelt dat se net hoege te hamsterjen. Sels hellet er syn bôlen by de ôfsetting wei.

180703_SADWAANDE_OER_FERKEAPJE_21_10_1998.mp4

Sadwaande: Ferkeap

21 Oktober 1998

Dizze Sadwaande giet oer ferkeap, hoe kinst wat ferkeapje? We sjogge by de feiling fan in pleats mei ynboel. Der ha sjochdagen west en no wurdt der bean op de feiling. De bewennner is stoarn en neibesteanden binne der net. We prate ek mei in autoferkeaper en minsken dy't telefoanysk ferkeapje. Ingrid helpt mei mei de ferkeap op de freedsmerk.