Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 08: De Monnik - Snits

7de klasse A 08: De Monnik - Snits

11 Novimber 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: De Monnik - Snits 3-2.

LTV_IDS_WILLEMSMA_2.mxf

Lânskipsbyldhouwer: portret fan Ids Willemsma

07 Novimber 1993

In portret fan byldzjend keunstner Ids Willemsma. We folgje him by it ta stân kommen fan it keunstwurk op de Marrumer seedyk, fan ûntwerp en skaalmodel oant de levering fan it materiaal en it te plaksetten troch in grutte kraan. It wurk, dat letter bekend waard as it timpeltsje fan Ids, is yn opdracht fan Wetterskip Fryslân makke, as ôfsluting fan de dykferswierring. Foar Ids is it in hommaazje oan de dikebouwer. We sjogge him oan it wurk yn de loads yn Hallum, by de einen, lústerjend nei klassike muzyk yn syn selsmakke deadskiste, en oan it skeelerjen.

Van Tuinen Thús by Sicko Heldoorn

Van Tuinen Thús by Sicko Heldoorn

17 Juny 2003

Thús by Sicko Heldoorn yn De Tynje, boargemaster fan Opsterlân en âld-deputearre Provinsjale Steaten.