Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wâldrock 2002

Wâldrock 2002

24 Juny 2002

Goed 7.500 taskôgers, 15 bands, foar it earst in twadde poadium en twa brutsen skonken. Dat binne de yngrediïnten fan in rêstich ferrûn Wâldrock 2002. Opfallend dit jier de opkomst fan de Gothic-Metal. Mei as grutte publykslûker fansels Within Temptation. Mar ek it Fryske Autumn makke sneon yn Burgum grutte yndruk. Klokslach 12 oere wurde sneon de stekken iepensetten. De 15de edysje fan Wâldrock is in feit. It festival wurdt tradisjoneel iepene troch in Fryske band. Dit jier Room nr. 13. Mear as 300 frijwilligers binne nedich om Wâldrock ta in sukses te meitsjen.

Hjoed: Loftmachtdagen 2001

Hjoed: Loftmachtdagen 2001

06 July 2001

Yn 2001 hâlde de fleanbasis Ljouwert iepen dagen. Op de earste dei, 6 july, kamen der goed 90.000 besikers op ôf. Kommandant J. Willemse wie tefreden en omwenners en fleantúchspotters seagen har de eagen út.De fleanshow wie in spektakel.

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1998

Hjoed: Iepen dei fleanbasis 1998

04 July 1998

De iepen dei fan de fleanbasis yn Ljouwert lûkt 150.000 besikers en dat soarget foar in soad drokte yn it ferkear. NS en busferfierder Veonn set ekstra materieel yn. De stunts fan it Britske team Red Arrows soarget foar spektakel. Dochs geane in soad minsken earder nei hûs foar de fuotbalwedstriid Nederlân-Argentinië, mar ek op skermen op de basis is dy wedstriid te folgjen.