Hjoed: de caravan

02 April 2005

In heal kratsje bier de man. Neffens de lanlike Stichting Alcoholpreventie, koartsein STAP, is dit it gemiddelde alkoholgebrûk fan jongeren yn eigen keten en caravans. 'Skrikbarend' fynt de STAP. Yn Fryslân binne inkelde hûnderten caravans dêr't jongeren byinoar komme en sûnder tafersjoch oan it bier sitte. Dat it ek oars kin bewiist in groepke jongeren yn Driezum. Dêr lette de âlderen op it drinkgedrach fan 'e jongeren.