Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 1995

Fytsalvestêdetocht 1995

06 Juny 1995

In soad útfallers by de fytsalvestêdetocht fan 1995. Fanwege it minne waar kamer der 13.000 fytsers oan de start, yn plak fan de oanmelde 15.000.

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

12 April 2001

Yn Hjoed fan 12 april 2001 it nijs dat Fryslân te krijen hat mei in twadde gefal fan tongblier. Nei Ie is de besmetting no ek yn Eanjum konstatearre. Skieppeboer Teun de Vries hat grutte noed oer syn skiep. Neffens W. Veenstra fan De Pein is de reekplom fan destruksjebedriuw Rendac yn Sumar de oarsaak fan de besmetting.

Wâldrock 2003

Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan.