Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0108: Karriêre

Tritigers 0108: Karriêre

07 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it achtste diel komt wethâlder Sierd van Weperen fan Weststellingwerf oan it wurd. Mei syn 35 jier is er in jonge wethâlder, dêrneist is er ek boer. Ek in reportaazje oer Sylvia Hornyak, se hat in burn-out hân.

LTV_KAPITEIN_ROB_230504_WR

Kapitein Rob op Skylge

23 Maaie 2004

Yn de jierren fyftich wie de strip oer kapitein Rob fan Pieter Kuhn hiel populêr. De tekener makke 73 dielen en gie geregeld nei Skylge om dêr te wurkjen, it eilân spilet yn ferskate dielen in haadrol. De trije dochters fan Kuhn fertelle oer har heit en we sjogge nei de ynfloed fan de strip op it eilân en de eilanners. Ek de opkomst fan it toerisme nei de oarloch komt oan bod, de earste campings en hotels en de groei fan de fearboaten.

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

22 Oktober 2003

Programmamakker Gerard van der Veer dûkt yn de wurkleasheid. It leger wurkleazen is it ôfrûne jier yn rap tempo tanommen en it iene nei it oare Fryske bedriuw giet fallyt. Yn Den Haag wurdt keazen foar de hurde oanpak. Wurkleazen moatte safolle mooglik prikkele wurde om wer oan de slach te gean. Gerard van der Veer folget twa manlju dy't troch it fallissemint by skipswerf Bijlsma yn Warten wurkleas rekken. Fokke de Jong en Appie Zwerver hawwe harren libbenlang dêr wurke, mar moatte no leare hoe't sy wer oan de bak komme moatte.