De Schadum foar it fuotljocht: Havank
Programmamakker Henk te Biesebeek sketst yn dizze dokumintêre út 2008 in portret fan detektiveskriuwer Havank, dy't yn 1904 berne waard yn Ljouwert as Hans van der Kallen. Syn boeken yn de Zwarte Beertjes-sery, mei De Schaduw as haadpersoan, wiene in grut sukses. Nei syn dea yn 1964 hat skriuwer/sjoernalist Pieter Terpstra syn skriuwen oernaam en trochset, sa binne der noch 24 boekjes útbrocht. Dêrnei wie it dien, it ferkocht net mear, it wie te wollich en te âlderwetsk. Utjouwerij Bruna hie it idee om De Schaduw noch in kear ta libben te bringen yn in nij boek. Skriuwer Tomas Ross waard dêrfoar frege en sei ja. Hy skreau it boek ‘Caribisch Complot’, wêryn’t De Schaduw nije feiten ûntdekt oer de saak Holleeder.