We sjogge by de D.S.W (Dienst Sociale Werkvoorziening) yn Ljouwert dêr't minsken dy't gjin wurk fine op de reguliere arbeidsmerk wurkje kinne. Se wurkje û.o. yn de grienfoarsjenning, skjinmak, hout, metaal, drukkerij en ferpakking. De wurknimmers ha it nei har sin. De minister wol de kritearia foar it wurk oanskerpje en de ûndernimmingsried hat dêr noed oer.
Programma oer de it berop fan slachter, der binne hieltyd minder selsstannige slachters dy't sels slachtsje. Se krije mear en mear konkurrinsje fan de supermerk. We hearre by ferskate slachters hoe't se yn har berop stean en tsjin de takomst oansjogge en we sjogge by it slachtsjen sels. We sjogge by in boer yn Tsjerkgaast dy't syn kij op in spesjale wize behannelet om goed fleis te krijen en we sjogge by woarstemakker Weidenaar yn Nijewier. Ek sjogge we op de oplieding, ek dêr komme minder learlingen.
Programma oer fleksibele arbeid, hieltyd mear minsken wurkje op freelance-basis. We sjogge in fotosjoernalist oan it wurk en in boatebouwer dy't goed buorkje. Der binne ek neideilen, sa as we sjogge by ien dy't gjin fêst kontrakt krijt en hieltyd mar wer sollisitearje moat. Ek krije flekswurkers minder betelle.
Portret fan reizgers op de spoarline Ljouwert-Starum, guon reizgje al tsientallen jierren mei de trein. It is in needsaaklike ferbining foar middelbere skoalberm en wurknimmers. Ein jierren sechtich drige sluting foar de spoarline, mar dat waard opkeard.
Hoe is it reedrider Hilbert van der Duim, fuotballer Oeki Hoekema en turnster Jannie Vierstra nei har sportkarriêre fergien? Hilbert van der Duim is learaar ekonomy yn Assen en riedslid, Oeki Hoekema hat in eigen snackbar yn Ljouwert en is ymporteur fan Noarske huzen en Jannie Vierstra hat in moadesaak.
Portret fan sjongeres Greetje Bijma, mei har stim kin se alles. We sjogge har by de tarieding foar in konsert, der binne fragminten fan ferskate optredens mei oare muzikanten en se fertelt oer har jeugd, ynspiraasje en de taal.
Ut de terpen fan Fryslân binne tal fan archeologyske fynsten dien en ek no wurdt noch ûndersyk dien. It giet om foarwerpen út de iere midsiuwen. Ferneamd binne de fynsten fan Winaam, lykas de fibula. Alles wat dêr fûn is, wurdt besjoen yn it Biologisch Archeologisch Instituut yn Grins. Ek sjogge we by archeologen yn it fjild en by meiwurkers fan stichting Raap, dy't besjocht hoe't archeologyske terreinen better beskerme wurde kinne. Tal fan frijwilligers sitte by it Archeologysk Wurkferbân, se binne nedich foar al it wurk.
We sjogge by trije jongeren dy't har hobby útoefenje. Marten Schulp spilet bas yn de bigband it Bogerman yn Snits en hy sit yn in popband, Grietje Roskam sit by de scouting en Jellie Schippers sit by de Jeugdteäterskoalle yn Ljouwert en repetearret mei bern fan it azc yn Burgum.
Sir Lawrence Alma-Tadema (1836-1912) waard berne as Lourens Alma Tadema yn Dronryp. By de tarieding foar de oersjochtentoanstelling yn it Van Goghmuseum yn Amsterdam sjogge we by syn wurken dy't foar de ekspoysje oer de hiele wrâld byinoar garre binne. Saakkundigen fertelle oer syn wurk en libben. Nei syn dea waard syn wurk ôfdien as koektrommelkitsch, mar yn de jierren sechtich kaam de wurdearring werom. Yn Londen wie er in ferneamd keunstner en liet in grut hûs bouwe. Byldhouwer Ben van der Geest makket in byld dat yn Dronryp komme moat.
Fryslân Boppe is de namme fan in soart hasj. Yn de provinsje binne 30 coffeeshops, gemeenten wrakselje mei it belied fan tastean of net? Plysjes rôlje yllegale himpkwekerijen op. Brûkers en politisy komme oan it wurd, we sjogge by in foarljochtingsjûn fan de Verslavingszorg by de plattelânsfroulju en by in growshop.
We sjogge yn Berltsum, in doarp mei trije tsjerken en twa diskoteken. Alle sneontejûnen komme der sa'n 2.000 jongeren nei diskoteek Hof van Holland. Twa stappers komme oan it wurd, de meiwurkers en ek de plysje dy't wolris optrede moat. In part fan de jeugd giet net nei de disko mar nei de bibeljûn fan tsjerke, ek dy komme oan it wurd.
Portret fan fjouwer jonge Fryske skriuwers yn de stêd Grins: Albertina Soepboer, Lolkje Hoekstra, Meindert Talma en Nyk de Vries. Wat bynt har en hoe sjogge se nei de Fryske literatuer en de Fryske ynstituten? Albertina Soepboer fertelt û.o. oer in twatalige foarstelling, Lolkje Hoekstra treedt op by de iepening fan in literêr kafee en Meindert Talma en Nyk de Vries meitsje mei har beiden it leechdrompelige tydskrift De Blauwe Fedde.