LTV_FryslanDOK_Fierljeppers-yn-Korea-2_WR

Fierljeppers yn Korea (diel 2)

03 Jannewaris 2009

Twadde diel fan de dokumintêre oer Fryske fierljeppers dy't yn Súd-Korea meidogge oan de Olympyske Spelen foar net-olympyske sporten. De sporters meitsje ek in slach oer de merk yn de stêd Busan. De Súd-Koreanen hawwe grutte belangstelling foar de fierljepdemonstraasje. Organisator Christophe Mennier komt letter ek nei de fierljepskâns yn Drylts. Hy hat allegear ideeën om de sport noch oantrekliker te meitsjen foar it publyk.

LTV_Domwei-gelokkich-op-de-Wielenpolle_WR

Domwei gelokkich op de Wielenpôlle

16 Novimber 2008

De Ljouwerter folkswyk de Wielenpôlle is mei 200 huzen it lytste wykje fan Ljouwert. Yn gearwurking mei it Noordelijk Film Festival makke Omrop Fryslân yn 2008 in portret fan dizze bysûndere buert, dêr't elkenien inoar noch ken, dêr't bewenners al desennialang wenje en it buerthûs noch in gesellich doarpsplein is.

LTV_De-wrald-fan-reid_WR

De wrâld fan Reid

12 Oktober 2008

Strontrace-kopstik Reid de Jong wie yn 2008 ûnderwerp fan dizze dokumintêre. Hy wenne doe al 40 jier mei Cornelie op de fjoertoer yn Warkum, sûnder stroom of rinnend wetter. Reid is bekend wurden as organisator fan de Strontrace. Mei in lading drûge dong sile de skippen om it hurdst fan Warkum nei Súd-Hollân, en werom.

LTV_Samson-Delilah_WR

Samson en Delilah

01 Jannewaris 2008

De operafilm Samson en Delilah is basearre op de ferneamde opera fan de komponist Saint-Saëns. De bibelske striid tusken Hebreëers en Filistijnen wurdt oerset nei de hjoeddeistige situaasje mei uzi's en bommen. Fan regisseur Corina van Eijk.

LTV_Wetsus_WR

Wetter sustainable

06 April 2008

Under de reek fan de heechste toer fan Fryslân binne de meiwurkers fan wettertechnologysk ynstitút Wetsus dei yn, dei út, dwaande mei ûndersyk nei wetterproblemen. Enerzjy, fersmoarging en suvering binne de sintrale begrippen. Programmamakker Evert van den Berg folge in tal projekten lykas it winnen fan enerzjy út it mingen fan swiet en sâlt wetter, en it ferwurkjen fan ôffalwetter yn in wenwyk fan Snits.

LTV_Rinsmastate-yn-Driezum_WR

Fan Van Sytzama oant Scheringa: Rinsmastate yn Driezum

22 Juny 2008

Dokumintêre oer Rinsmastate yn Driezum, dat tal fan funksjes hân hat: bûtenplak foar adel, earmehûs, gemeentehûs. Eartiids wenne de famylje Van Sytzama der, yn 2008 wie dat de famylje Scheringa.

LTV_Portret-Jan-Tekstra_WR

De ideale noat: portret fan Jan Tekstra

08 Juny 2008

Hy krige de Musical Award foar de muzyk fan Turks Fruit, skreau hits foar Marco Borsato, wie sjonger fan popgroep De Kast, makke trije solo-albums en wie ôfrûne simmer sa drok mei fan alles en noch wat, dat hy amper tiid hie foar syn grutte passy: it silen. Jan Tekstra akteart, skriuwt, sjongt en jout les oan sawol de Popakademy as oan de jonge silerkes fan Heech.

LTV_Retoer-Riga_WR

Retoer Riga

01 Juny 2008

Mei it EU-lidmaatskip fan Letlân sjogge noardlike provinsjes nije kânsen foar de Eastseefaart. Der wurdt wurke oan in wyklikse lijntsjinst fan Harns, fia Letlân, nei Moskou. Yn Riga is in Frysk hannelskantoar iepene. Omrop Fryslân folge Friezen op hannelsmisje by de Holland Days yn Letlân.

LTV_Op-e-romte_In-moeting-tusken-Gaasterlanse-en-Marokkaanse-jongerein_WR

Op 'e romte, in moeting tusken Gaasterlânse en Marokkaanse jongeren

18 Maaie 2008

Nei in tal ynsidinten yn de Súdwesthoeke dy't te krijen hiene mei alkohol en rasisme organisearre jongereinwurker Sandra Ordelman yn 2008 in útwikselingsprojekt tusken in groep jongeren út Aldegea (W.) en Marokkaanse jongeren út Utrecht. Omrop Fryslân wie by dy bysûndere moeting.

LTV_Portret-Gertjan-Verbeek_It-spylfjild-fan-Verbeek_WR

It spylfjild fan Verbeek

30 Maart 2008

Trainer Gertjan Verbeek is yn 2008 dwaande mei syn lêste seizoen by SC Heerenveen. De club hat it oant dan noch nea sa goed dien yn de earedivyzje. Omrop Fryslân folge Verbeek by de trainingen en thús yn Jobbegea foar in portret.

LTV_Syb-van-der-Ploeg_WR

Syb van der Ploeg

02 Maart 2008

Portret fan sjonger Syb van der Ploeg, dy't yn de jierren '90 bekend waard as frontman fan de populêre Fryske band De Kast. Anno 2008 is Syb wer hielendal werom. Omrop Fryslân folge him by it ta stân kommen fan syn nije album.

LTV_Tsjerken-yn-Need_Fr-kop_WR

Tsjerken yn need

09 Maart 2008

Der is grutte soarch oer de takomst fan de âlde Fryske tsjerken. Fan de 600 tsjerken yn Fryslân is de takomst fan sa'n 100 tsjerken ûnwis. Stichting Alde Fryske Tsjerken, dy't sa'n 40 tsjerken oernommen hat, kin it wurk amper oan. Der wurdt mei de saakkundigen praat oer de takomst fan de gebouwen. We sjogge by de tsjerken fan Finkegea, Baaium en Ter Idzert.

Pages