Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Le BonBon

Wurktiid TV: Le BonBon

08 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Le BonBon yn Gytsjerk dêr't se bonbons en oar guod fan sûkelade meitsje. Se binne ferneamd wurden mei de bearenburchbonbon en ha no krekt de Mata Haribonbon betocht en der lizze plannen foar in Aldehoubonbon. Boppedat fertelt R. Otto, direkteur-eigener, dat er oan it ûndersykjen is oft er saken dwaan kin mei Sina. Meiwurker G. Sandtman lit sjen hoe't bonbons makke wurde.

SADWAANDE_200302_GRAFOLOGY

Sadwaande: Grafology

20 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer grafology, de wittenskip fan de hânskriften. We prate mei grafolooch Ulbe Jagersma dy't minsken oan de hân fan har hânskrift analysearje en karakterisearje kin. Hy sjocht dêrby nei de beweging, foarm en it romtebyld. Syn kennis wurdt frege troch bedriuwen by de seleksje fan kandidaten. Hy besjocht de hânskriften fan boargemaster Roel Cazemier, demisjonêr wethâlder Marga Waanders en Omropferslachjouwer Simone Scheffer. Ek sjogge we op skoalle by de skriuwles en by in tentoanstelling oer kalligrafy yn Drachten mei byldzjende keunstner Lolkje van der Kooi.

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

23 Oktober 2002

Programmamakker Evert van den Berg reizge nei Súd-Afrika foar in reportaazje oer de opfang fan bern mei Aids. Twa Friezen, Aukje en Toby Brouwer, sette harren yn foar bern mei Aids yn it bernesikehûs yn Kaapstad. Se krije jild fan 'e sinneblom-aksje fan 'e Ljouwerter Krante.