Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0501

Sybe Satellyt 0501

13 Septimber 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Yn dizze ôflevering sjocht Sybe by de kontenerôfslach en skipswerf Welgelegen yn Harns en by de fiskersskippen en de fiskôfslach. It skoalradiokoar sjongt oer de BBQ en Sybe lit it omslach fan it berneboekegeskink sjen, De Kilekanen fan Berber van der Geest.

Tritigers 0206: Frijgesel

Tritigers 0206: Frijgesel

18 Oktober 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel fan de twadde searje geane we op stap mei frijgesellen Klaas Pietersma en Durk van der Heide.

MINSKEWURK_4_SKILDERS

Minskewurk 4: Skilders

16 Jannewaris 2001

We sjogge by ferskate minsken dy't skilderje. By it Koopmansfabryk yn Marrum meitsje se lateks, wat sit dêryn yn? En wat dogge hússkilders? Klaas de Graaf kin sa skilderje dat it liket oft it hout, marmer of goud is. We sjogge ek by twa keunstners yn har atelier, Ramon van der Werken en Dinie Boogaart, dêr't se oer har wize fan wurkjen fertelle. Ta beslút sjogge we by bern dy't in skilderkursus dogge by Parnas yn Ljouwert.